Utbaggerjen De Swadde begûn

18 okt 2012 - 12:23

De Swadde wurdt lang om let útbaggere. Yn Twizelerheide is tongersdei it startsein jûn foar dat wurk. Omwenners kinne oer goed in moanne dan wer fiskje yn it rivierke dat ek wer berikber wurdt mei lytse boatsjes. De Swadde is slim fersmoarge en folslein ticht rekke mei slib.

Fiskje wie dêrom al jierrenlang ferbean. Yn novimber moat it wurk klear wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)