Ferset tsjin hege wynmûnen

18 okt 2012 - 12:16

It ferset tsjin hege wynmûnen nimt ta. De provinsje jout romte foar de komst fan dy wynmûnen tusken de Ofslútdyk en Boalsert. Bewenners krigen okkerdeis troch hoe grut it gebiet is dêr't de moles komme kinne. Piebe Piebenga fan Skraard is dwaande it ferset te organisearjen mei pamfletten. De aksje krijt stipe fan Doarpsbelang Skettens/Longerhou. De ynspraak slút al gau en dêrom moat der ek gau wat dien wurde. De bewenners fan de doarpen binne bot skrokken fan de plannen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)