LC en FD wurde moarnskranten

18 okt 2012 - 11:55

De Ljouwerter Krante sil fan 2 april 2013 ôf as moarnskrante ferskine. Dat hat it memmebedriuw, de NDC mediagroep, besletten. Ek it Frysk Deiblêd wurdt in moarnskrante om't dy mei de LC besoarge wurdt. Troch dizze feroaring kin effisjinter wurke wurde yn produksje en distribúsje. Neist de besparring wolle de makkers sa ek tichter op it nijs sitte.

Lanlike kranten ferskine ek hast allegear moarns om't út ûndersyk bliken docht dat minsken dan mear tiid ha om te lêzen.

Trefwurden: 
LC FD krante moarnskrante
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)