Fertochten mishanneling pakt

Poeisz, Oerfal, Ljouwert © Robert-Jan Boonstra
De plysje hat trije fertochten oanhâlden dy't begjin septimber op It Hearrenfean in man (29) út Stienwyk swier mishannele hawwe. Troch yngripen fan omstanners koe slimmer letsel foarkommen wurde. Mei help fan de hoareka en tsjûgen koe de plysje úteinlik de fertochten oanhâlde. It giet om manlju fan 19, 20 en 23 jier út de buert fan Rotterdam. Se sitte noch fêst.