Guozzen bedriging foar natuer

18 okt 2012 - 06:34

As der net gau wat dien wurdt oan de groeiende populaasje guozzen, komt de ûntwikkeling fan de natuer yn gefaar. Dat seit de CDA-steatefraksje. Sa hat de streepte wetterrôfkrobbe bot lêst fan de guozzen. De krobbe hat De Deelen as belangrykste leefgebiet. De guozzen skite dêr it wetter fol en frette de jonge reidplanten fuort. Mar ek bistesoarten as de reiddomp en de smjunt ha bot lêst fan de guozzen. De steatefraksje fan it CDA wol fan deputearre steaten witte watfoar maatregels oft der naam wurde om it tal guozzen yn de stringen te hâlden

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)