Marco wint fan Foppe: 4-0

17 okt 2012 - 21:06

Sportklup Hearrenfean hat woansdeitejûn de benefytwedstriid tsjin in team ûnder lieding fan Foppe de Haan wûn. Yn it Abe Lenstrastadion waard it 4-0. It alvetal fan Foppe de Haan bestie út Fryske amateurfuotballers dy't troch it publyk selektearre wienen. SC Hearrenfean stie ûnder lieding fan de fêste coach Marco van Basten. Yn it skoft fan de wedstriid waard der optreden troch Syb van der Ploeg, nei de tiid wiene der optredens fan noch mear Fryske artysten.

De opbringst fan de wedstriid en it muzykfeest nei ôfrin giet nei it Foppe Fûns en Kika. Foar SC Hearrenfean wiene Daniel de Ridder, Marten de Roon, Oussama Tannane en Luciano Slagveer de doelpuntemakkers. It rekkennûmer fan KIKA is giro 8118 en it nûmer fan it Foppefonds is bankrekken 114566682.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)