Vochteloo wint IFK treprinnen

17 okt 2012 - 18:12
  • Drokte by de finish

Jeroen Vochteloo út Easterwâlde hat woansdei it Iepen Frysk kampioenskip treprinnen wûn, bêste frou waard Jessica Oosterloo út Appelskea. It kampioenskip waard hâlden yn en om it Abe Lenstrastadion op It Hearrenfean. Meielkoar moasten der 735 treptreden naam wurde. Dat waard net allinne dien troch profesjonele sporters, mar ek troch amateurs en bern. De opbringst fan it evenemint giet nei it Foppe Fûns en nei Kika.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)