Nije portretten foar museum

Museum Martena yn Frjentsjer hat der twa wichtige portretten by. It giet om in portret fan de ferneamde teolooch Nerdenus en syn frou Ludovica. De portretten waarden begjin 1600 makke, op in momint dat Nerdunes al hast 20 jier heechlearaar oan de Frjentsjerter universiteit wie. De portretten binne kocht troch de Ottema Kingma Stichting, mei help fan de Vereniging Rembrandt. Museum Martena hat se yn permanint brûklien krigen en hinget se by de portretten fan oare professoaren.