Waadferiening lit REC gewurde

De Waadferiening makket net langer beswier tsjin de natuerfergunning foar de Harnzer ôffaloven. De feriening bliuwt tsjin dy oven, mar tinkt dat de beswieren juridysk sjoen gjin kâns fan slagjen hawwe. Neffens de Waadferiening is de haven fan Harns net geskikt foar swiere yndustry sa't de ôffaloven is, en is ek it gebou te heech.
De feriening tinkt wol dat de gemeente en provinsje leard hawwe fan alle beswieren dy't tsjin de oven ynbrocht binne. Der soe no allinne noch in fergunning jûn wurde oan bedriuwen dy't echt oan de haven bûn binne.