Fúzje 4 RK-parochys NW-Fryslân

RK-tsjerke Harns © H. Michael Parochy Harns
Fjouwer Rooms-katolike parochys yn Noardwest-Fryslân sille fusearje. It giet om de parochys fan Dronryp, Frjentsjer Harns en Sint Anne. De fúzje krijt nei alle gedachten op ien jannewaris offisjeel syn beslach. Op dit stuit is in spesjale projektgroep dwaande mei alle tariedings. De namme fan de nije parochy wurdt Heilige Jacobus de Meerdere Parochie. De fjouwer katolike mienskippen ha allegear in bepaalde ferbining mei de hillige Jacobus.