Mear foech foar stedswachten

17 okt 2012 - 14:21

Fryske stedswachten krije fan takom jier ôf mear foech. Oant no ta hawwe in soad stedswachten mar in pear taken. Fan 1 jannewaris 2013 ôf krije se in grutter takepakket. Om se derop ta te rieden organisearret Stadstoezicht trainings. Woansdei binne der trainingen yn hoe't stedswachten omgean kinne mei situaasjes dêr't agressive hûnen of baldiedige jongeren by belutsen binne.

Sa'n 30 stedswachten út bygelyks Ljouwert, Snits en It Hearrenfean wiene woansdei oanwêzich by de training yn Ljouwert.

By de oefening wurde situaasjes neispile troch akteurs. De stedswachten krije sa ûnderfining en tips oer driigjende situaasjes.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)