Botanikus krijt unyk herbarium

17 okt 2012 - 12:44

Nei in oprop yn in televyzjeprogramma hat botanikus Karst Meijer fan Noardwâlde fan in âld-antikêr út De Haach in unyk herbarium krige. It hast 160 jier âlde boekwurk mei droege see-algen is makke troch in Skotske dûmny en algolooch.

Meijer hat ien fan de grutse priveekolleksjes droege planten fan Nederlân. De plantkundige siket noch mear herbaria om se te bewarjen foar de takomst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)