Otter sjoen by Grutte Wielen

17 okt 2012 - 12:13

Yn de Grutte Wielen by Ljouwert sit foar it earst sûn de jierren santich wer in otter. De earste melding kaam fan in automobilist dy't it bist fan 'e wike hast foar de tsjillen krige. Hy warskôge it Fryske Gea. It Fryske Gea skeakele de stifting Otterstation Nederland yn fan de Ljouwerter Addy de Jongh.

Minsken fan de stifting ha tiisdei by in ottertunnel ûnder de Grinzerstrjitwei troch otterstront fûn wêrmei't it no offisjeel befêstige is dat der echt in otter sit.

Net alle tunnels binne op it stuit goed te brûken. Dat pakt it Fryske Gea begjin takom moanne oan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)