Plysje pakt dieven yn Stiens

17 okt 2012 - 11:08
  • Ynbraak

De plysje hat tiisdeitenacht yn Stiens twa manlju oanholden dy't elektroanyske apparaten stellen hiene. De plysje seach in auto dy't net op slot wie, by in bedriuw oan de Seerob stean. Even letter kamen der twa manlju oan mei trije tassen fol dvdspilers en oare elektroanika. Se hiene in gat yn it stek knipt. De manlju binne oerbrocht nei it plysjeburo; it giet om in 33-jierrige man út Marrum en in man fan 31 jier út Ferwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)