Plysje pakt oplichter

17 okt 2012 - 10:15

De plysje hat in 44-jierrige oplichter pakt, dy't besocht Jan Holtkamp fan Harich op te lichten. Yn 2010 waarden antike tegels mei in wearde fan 500.000 euro fan Holtkamp stellen. Nei't it programma Opsporing Verzocht oandacht oan de stellerij joech, naam de oplichter kontakt op mei Holtkamp. Hy sei dat er ynformaasje hie oer de tegels en woe yn ruil jild sjen.

Holtkamp betelle de man, mar warskôge ek de plysje. Dy hat de man yn Limboarch oanhâlden. De man sûnder fêst wenplak is fertochte yn ferskate oplichtingssaken.

De rjochtbank yn Ljouwert hat besletten dat de man noch twa wiken fêstsitten bliuwt.

Trefwurden: 
oplichter Harich tegels
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)