Boazum foar wykein asbestfrij

16 okt 2012 - 21:17

Boazum is foar it wykein wer hielendal frij fan asbest. Dat die tiisdeitejûn bliken by in ynformaasjûn yn de tsjerke fan it doarp. Dit nei oanlieding fan de grutte útslaande brân yn it sintrum ôfrûne tongersdei. Sa'n fyftich Boazumers lieten har sjen op de jûn. It skjinmakbedriuw Flory út Drinte ferwachtet dat freed alle asbest opromme is.

De lêste bewenner fan de ûntromme huzen hat tiisdei de kaai fan syn hûs weromkrigen neidat it hielendal skjinmakke wie.

Der binne noch wol in pear bysûndere putsjes foar it skjinmakbedriuw de kommende dagen. Sa moat in grutte hage hielendal asbestfrij makke wurde en moat in grutte reinwetterbak leechhelle wurde. Boargemaster Liemburg fan de gemeente Littenseradiel dielde in komplimint út oan de ynwenners fan Boazum dy't sa kalm en nuchter reagearre ha op de brân. Wetterskip Fryslân sil noch ûndersyk dwaan nei de fivers en fearten yn en om Boazum hinne. De Boazumers kinne de kommende tiid de apels út eigen tún wer gewoan ite, as se dy mar goed skjinmeitsje, sa waard op de foarljochtingsjûn ferteld.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)