Ferkeap hierhuzen rint goed

16 okt 2012 - 16:09
  • Hûs te keap

De ferkeap fan hierhuzen yn Noardwest-Fryslân liket net folle lêst te hawwen fan de minne wenningmerk. Wenningstifting Wonen Noordwest-Friesland hie as prognoaze om dit jier 50 hierhuzen te ferkeapjen, en dat is fier foar de ein fan 't jier al helle. De wenningstifting wurket ûnderoaren ek yn Ferwerderadiel, dêr't de lêste tiid faak praat wurdt fan krimp en leechstân. Mar ek dêr rint de ferkeap goed. Troch de ferkeap fan huzen hellet de wenningstifting goed 5 miljoen euro binnen.

Dy sinten wurde stutsen yn it opknappen fan de hierhuzen en it op lytse skaal bouwen fan nije huzen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)