RfdFB: Earst freegje nei taal

16 okt 2012 - 12:03

De Ried fan de Fryske Beweging wol dat de meldkeamer as earste freget yn hokker taal minsken holpen wurde wolle. Dat moat mei in automatysk karmenu sadat der gjin miskommunikaasje mear ûntstiet. De diskusje is earder ek al fierd, mar komt no wer op om't de melder fan de brân yn Boazum fan ferline wike yn it Frysk om de brânwacht frege, mar net begrepen waard.

De Ried fan de Fryske Beweging hat dat advys stjoerd oan de korpsbehearder. It is basearre op goede praktykfoarbylden út it bûtenlân, dê'rt meartalige meldkeamers hiel gewoan binne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)