Gieltsjes út keunstwurk helle

16 okt 2012 - 10:25

De plysje hat op It Hearrenfean in 51-jierrige man út Wynjewâld oppakt. De man wie moandei dwaande syn auto fol mei âlde gieltsjes te laden. De stiennen kamen út in keunstwurk fan de koartlyn ferstoarne Louis le Roy. Dat is no oer in lingte fan sa'n 20 meter fernield. De plysje kaam de man tsjin by in kontrôle. Hy is meinaam nei it buro foar fierder ûndersyk. Syn auto en de stiennen binne yn beslach naam.

Stifting De Tijd is skrokken fan de fernielings. It keunstwurk yn de Le Roy-tún op It Fean wurdt beheard troch De Tijd.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)