Motors únderút op smoarge dyk
Troch modder op 'e dyk binne moandei by Spangea twa motorriders ûnderút gien. Yn beide gefallen rekken de bestjoerders net ferwûne, mar ûntstie der wol skea oan de motoaren. De modder kaam op 'e dyk trochdat der lânbouferkear oer riden wie. Ut it ûndersyk fan de plysje die bliken dat der wol warskôgingsbuordsjes pleatst wienen.