Plysje-aksje ynbraakprevinsje

16 okt 2012 - 10:13
  • Ynbraak

De plysje hat moandei yn gearwurking mei de gemeente Opsterlân en doarpsbelang Oerterp in ynbraakprevinsje-aksje hâlden yn Oerterp en Beetstersweach. De plysje gie troch de doarpen om bewenners te wizen op ynbraakrisiko's.

Om ynbraak foar te kommen is it fansels belangryk dat doarren en ruten ticht en op slot binne, mar ek om djoer guod út it sicht op te bergjen. Yn ferskate huzen is in 'fuortprint' dellein, mei dêrop de tekst: 'Hier had een inbreker kunnen staan!'

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)