Miljoeneferlies Hearrenfean

15 okt 2012 - 19:43
  • Gemeentehûs op It Hearrenfean

De gemeente Hearrenfean hat hast 80 miljoen euro ferlern op grûn dy't de gemeente oankocht hat. Hearrenfean stiet dêrmei op it twadde plak yn in oersjoch dat it TV-programma Nieuwsuur makke. Allinnich Apeldoarn hat noch mear ferlies, 124 miljoen. De tekoarten soargje derfoar dat Hearrenfean de kommende jierren swier besunigje moat, sawat 13 miljoen euro.

Wethâlder Buwalda wol de provinsje om stipe freegje, mar deputearre Konst lit witte Hearrenfean foarearst net út de finansjele soargen te helpen.

De besunigings treffe ek it saneamde mobiliteitsplan Bereikbaarheid Heerenveen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)