CDA wol kamera's yn Snits
Der moatte kamera's komme yn it sintrum fan Snits. Dat soe geweldsynsidinten foarkomme kinne. Dat seit it CDA yn Súdwest-Fryslân. De ôfrûne wiken gie it in pear kear mis yn Snits. Sa hat der twa wiken lyn in knokpartij west yn it sintrum en binne der minsken yninoar slein by de iisbaan oan de Ljouwerterwei. Benammen dy lêste ynsidinten soargen foar in soad opskuor.
Hoefolle kamera's der krekt komme moatte wol it CDA ôfhingje litte fan oerlis mei de Snitser winkellju, de hoareka en de plysje.