Drylts krijt online argyf

15 okt 2012 - 15:44

Frijwilligers út Drylts binne dwaande om safolle mooglik foto- en filmmateriaal te sammeljen foar in grut online-argyf fan de stêd. De frijwilligers wolle besykje it materiaal te behâlden en foar elts sichtber te meitsjen. Oant no ta hat dat inkelde hûnderten foto's en tsientallen filmkes opsmiten. Dy komme allegearre op de site ArchiefIJlst.nl.

Mar de frijwilligers wolle eins folle mear ha en roppe dêrom har stedsgenoaten op om harren materiaal yn te leverjen by inisjatyfnimmer Cor de Vries.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)