Ferset by start Feart-projekt

15 okt 2012 - 14:50

Yn it sintrum fan Drachten libje noch hieltiid beswieren tsjin de trochstart fan it Drachtsterfeart-projekt. Undernimmers oan it Mûnein ha in boargerinisjatyf yntsjinne. Se wolle dat de nije feart koarter wurdt as de gemeente fan doel is.

De gemeente wol dat de feart oan it kariljon yn it sintrum rint. De ûndernimmers wolle dat de feart 70 meter koarter wurdt, omdat se oars grutte ferkearsproblemen krije. Moandei is offisjeel begûn mei it graafwurk foar it lêste part fan 'e Drachtsterfeart, it Drachtster skûtsje wie dêrby.

De gemeente Smellingerlân is al sûnt 2001 mei it projekt dwaande. Troch de ekonomyske krisis hawwe de plannen fjouwer jier stillein en is it útgraven fan de feart rjochting it sintrum útsteld. De gemeente hat fiif miljoen euro út de algemiene reserves helle en de provinsje betellet oardel miljoen. Moandeitemiddei wie it offisjele startskot mei it Drachtster skûtsje. Yn 2016 moat it wurk klear wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)