Fersekeringen bank nei Achmea

De Achmeatoer mei op de foargrûn de Prins Hendrikstjitte © Omrop Fryslân
De fersekeringsôfdieling fan de Friesland Bank giet mooglik oer nei Achmea. Op dit stuit wurdt der noch drok ûnderhannele mei it grutte fersekeringsbedriuw, mar it personiel is al wol bypraat oer de mooglike oergong. De 137 meiwurkers soene dan mei oergean.
Wat dat krekt foar de meiwurkers betsjut is noch net dúdlik. Ek is noch net bekend wannear't de oergong krekt plak fine sil. De fakbûnen meitsje har grutte soargen oer de oername. Se binne benaud dat it neidielige gefolgen hawwe sil foar de wurknimmers.