Earste senioaremakeler los

15 okt 2012 - 11:59

Sjoerd Veenstra út Drachten is de earste Fryske makeler mei it NVM-karmerk senioaremakeler. Dizze makelers binne saakkundich om de âlderein te helpen by it sykjen nei in geskikte wente of ien dy't geskikt makke wurde kin. Dat is nedich as de minsken problemen mei har sûnens krije.

Tefolle senioaren keapje in hûs dat net geskikt is, omdat der net goed neitocht wurdt oer wat der yn de takomst barre kin. Sels guon senioarewenten foldogge net oan de easken en dat komt omdat sels arsjitekten net altyd op de hichte binne fan wat nedich is.

Trefwurden: 
NVM makeler senioaremakeler
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)