'112 diskriminearret Friezen'

15 okt 2012 - 11:46

Friezen wurde diskriminearre troch de meldkeamer fan 112. Dat seit de FNP nei oanlieding fan de brân yn Boazum. De melder fan dy brân prate Frysk en dat waard troch de meiwurkers fan de meldkeamer net ferstien. De melder waard frege Nederlânsk te praten. Dat is diskriminaasje, seit Annigje Toering fan de FNP-steatefraksje.

Offisjeel meie melders Frysk prate en neffens Toering is it ek wichtich dat se dat kinne. Want as der wat slims oan de hân is, falle minsken werom op harren memmetaal.

De meldkeamer sels en de Veiligheidsregio Fryslân, dy't oer de meldkeamer giet, koe moandeitemoarn noch net reagearje op de klacht fan de FNP.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)