Dealer oppakt yn Drachten
In 21-jierrige Drachtster is sneintenacht oanhâlden op fertinking fan drugshannel. De plysje seach de man op de Nachtegaalstrjitte yn in parkearde auto sitten. De auto lei fol mei lege pûdsjes, dêr't drugs yn ferpakt wurde.
De plysje fûn seis pûdsjes speed en ien xtc-pil yn syn auto.