Harkyt kin net sûnder drugs

© Omrop Fryslân
In automobilist (25) fan De Harkema moat mooglik werom nei de finzenis. De man wie frijlitten op betingst dat er gjin drugs brûke mocht, mar dit wykein waard er oanhâlden mei speed, GHB en himp yn de auto. De Harkyt krige de plysje yn de nacht fan snein op moandei achter him oan omdat er te hurd ried op de trochgeande dyk by Surhuzum en sûnder rjochting oan te jaan de bocht om gie.
De drugs binne yn beslach naam, de man is fêstset op it buro. De offisier fan justysje bepaalt moandei oft de man nei de finzenis werom moat.