Dôfhûdige autorider oanhâlden

Poeisz, Oerfal, Ljouwert © Robert-Jan Boonstra
In Ljouwerter (19) is sneintemoarn syn auto kwytrekke neidat er foar de fyfde kear betrape is op it riden sûnder rydbewiis. De plysje gie achter him oan neidat er fierstente hurd troch in bocht op de Ljouwerter Skieringerwei gie. Hy besocht mei hege snelheid út te naaien, mar doe't dat net slagge stoppe er op de Beukenstrjitte de auto en draafde fuort.
Plysjeminsken koene him wol achterhelje. De Ljouwerter hie ek noch in bekeuring fan 268 euro iepenstean. Syn auto is yn beslach naam en hy moast de boete fuortendaliks betelje.