Fuotballer yn gesicht stompt

15 okt 2012 - 10:02

In amateurfuotballer (42) fan It Hearrenfean hat sneintemoarn in tsjinstanner út Akkrum mei de earmtakke yn it gesicht stompt. Dat barde nei in oertreding op de Feanster. De spiler fan Akkrum, ek 42 jier, rekke ferwûne oan de mûle en de skiedsrjochter hat de wedstryd fuortendaliks stillein.

De plysje is nei it fuotbalfjild fan Akkrum kaam om mei tsjûgen te praten. De fuotballer fan It Hearrenfean is oanhâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)