Winst follybalfroulju Snits

14 okt 2012 - 16:39

De follybalfroulju fan Snits ha snein mei 3-1 wûn fan Eurosped TVT. Yn Almelo pakten de Snitser froulju oertsjûgjend de earste set. Yn de twadde set naam de thúsploech it foartou en makke der 1-1 fan. Yn de tredde en fjirde set kamen de Tukkers der net mear oan te pas. Setstannen wiene 19-25, 25-22, 16-25 en 10-25.

De earste wedstriid waard in dei earder yn eigen hal mei 3-2 ferlern fan Peelpush. De rommelige wedstriid waard yn 5 sets beslist yn it foardiel fan de gasten út Meijel. De setstannen: 25-23, 18-25, 25-18, 25-27 en 11-15.

Nei it twadde plak fan ferline jier yn de Dela League binne de ferwachtings heech foar it team fan trainster Petra Groenland.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)