Man op jierren bedriget eks

14 okt 2012 - 16:18
  • Poeisz, Oerfal, Ljouwert

In 71-jierrige man út it Grinslanner Lucaswolde is sneontejûn oanhâlden, omdat hy syn 63-jierrige eks-freondinne tsjin har sin fêsthold hie yn syn hûs. De man hie boppedat de frou út de gemeente Smellingerlân mei de dea bedrige.

De plysje forsearre de doar om de frou te befrijen. De frou wie net ferwûne rekke. De man is foar neier ûndersyk ynsletten op it plysjeburo.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)