Aksje foar bibleteek Warkum

14 okt 2012 - 15:13
  • De bern fan 'e basisskoallen komme hiel geregeld yn 'e Warkumer bibleteek

Yn Warkum is op de skoallen in protestaksje ûntstien tsjin it foarnommen plan fan de gemeente om de bibleteek te sluten. Alle basisskoallen en it pjutteboartersplak dogge mei oan de hantekeninge-aksje. De skoallen fine it hiel belangryk dat bern sa jong mooglik mei boeken yn kontakt komme. Lêzen en foarlêzen ferbetteret de taalfeardigens en kin taalachterstân foarkomme. De bibleteek kin dêrby net mist wurde.

De hantekenings wurde kommende woansdei troch de bern oan de bibleteek oanbean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)