Aris ferliest spektakelstik

De basketballers fan Aris ha sneontejûn mei 104-100 ferlern fan Nijmegen. Yn Wijchen krige it publyk in wier spektakelstik te sjen. Nei in lykopgeande striid stie der in einstân fan 81-81 op it boerd. Opfallend wie de trijepunter fan Andrew Dawson, ferline jier noch spyljend foar Aris, dy't Nijmegen krekt foar it einsinjaal op gelikense hichte sette.
De ploegen hienen in dûbele ferlinging noadich om de winner oan te wizen. Nei tsien minuten ekstra tiid luts Nijmegenlang om let oan de langste ein.
It ferlies foar de ploech fan trainer Erik Braal wie ekstra soer troch it útfallen fan Hicham Kherrazi en Craig Osaikhwuwuomwan, dy't beide mei in blessuere it fjild ferlitte moasten. Mei 23 punten wie Jerrell Williams de bêste ‘Fries’.