Klappen by feesttinte Menaam

Oanhâlden © Omrop Fryslân
De plysje hat sneontenacht in jonge (17) út de gemeente Frjentsjerteradiel oanhâlden. Hy wurdt der fan fertocht dat hy rake klappen útdielde by in feesttinte oan de Slappeterpsterdyk yn Menaam.
In Winsumer (41) rekke hjirby ferwûne oan de holle en waard oerbrocht nei it sikehûs. Op basis fan tsjûgeferklearrings koe de fertochte oanhâlden wurde. Hy is ynsletten om fierder heard te wurden. It is noch net dúdlik wat krekt de oanlieding west hat foar de mishanneling.