ONS wint Fryske twastriid

13 okt 2012 - 22:11
  • O.N.S. BOSO Snits

De Fryske fuotbalderby tusken ONS en Harkemase Boys is mei 2-0 wûn troch de Snitsers. Yn de earste helte kopte Mark de Vries de thúsploech op foarsprong. ONS wie doe de bettere ploech, mar yn de twadde helte kamen de Harkiten sterk werom. In tal grutte kânsen waard lykwols net fersulvere.

Doe't se nei goed in oere mei tsien man fierder moasten (read Age Hains Boersma) like it spile, mar sels doe hong de lykmakker noch yn 'e loft. Yn de lêste minút makke Martijn Roosenburg de ferlossende 2-0 foar ONS, mar krige flak dêrnei ek in reade kaart.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)