Bilker trout yn Dútsk kastiel

13 okt 2012 - 16:45

Boargemaster Bearn Bilker fan Kollumerlân hat de Dútske Thüringer Zeitung helle troch syn glamour-brulloft mei Angelika Steiner. It houlik waard freed sletten yn de Kaisersaal fan Schloss Schwarzburg.

Neffens de Dútske krante gie it om in histoarysk barren, want Bearn en Angelika hiene de Dútske prinsesse Woizlawa Feodora Reuss (93) as tsjûge. Dy prinsesse is neffens de Dútske krante in folle nicht fan Keninginne Juliana. Bilker is al in skoft mei har befreone en hat har ek wol ûntfongen en rûnlaat yn Fryslân.

Bilker hat syn frou moete yn 2009 doe't er yn it Swarte Wâld mei prinsesse Reuss yn petear wie foar syn ûndersyk as Oranjekenner. Prinsesse Reuss hat tige libbene herinnerings oan har famyljelid Keninginne Wilhelmina. Op it plak dêr't Bilker mei syn Angelika troude hawwe yn de foarige ieu Keninginne Wilhelmina en Prins Hendrik inoar ek foar it earst moete. Bilker en Steiner sille pas yn 2013 op houlikersreis, want earder hawwe de twa it net oan tiid.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)