Ofskie Lewin by Kat in Nood

13 okt 2012 - 15:24

Der wie sneon yn Drachtsterkompenije ôfskie fan in bysûndere frijwilliger. Bistedokter Ingrid Lewin (67) sette har hast tweintich jier yn foar stifting Kat in Nood. Se hâlde har foaral dwaande mei it sterilisearjen fan jonge poeskes.

Foar de stifting is dat hiel wichtich om't der in grut oerskot is oan katten. Foar Lewin wie it ôfskie in emosjoneel momint. As bistedokter wurke Lewin al tsjin in lytse fergoeding by de katte-opfang. Doe't se fjouwer jier lyn mei pensjoen gie, woe se net ophâlde mei it wurk en gie se as frijwilliger troch.

Kat in Nood kin de tastream fan katten net goed oan. Twa jier ferlyn is de stifting fan Lauwersyl nei Drachtsterkompenije ferhuze om't se hjir útwreidzje koene. Ek no lizze der alwer plannen klear om grutter te wurden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)