Saskia wichtich foar Rembrandt

13 okt 2012 - 14:51
  • Byld fan de Saskiafiering yn Ljouwert
  • Der wiene ek in soad Saskia's yn de Grutte Tsjerke
  • De biografy fan Saskia waard presintearre
  • De Grutte Tsjerke siet fol by de Saskiafiering

Saskia Uylenburgh hat folle belangriker foar skilder Rembrandt van Rijn west as oant no ta tocht waard. Dat seit skriuwer Ben Broos, dy't in biografy oer de earste frou fan Rembrandt skreau. Sneon wie der in spesjale Saskiafiering yn de Grutte Tsjerke fan Ljouwert.

Dy fiering hat alles te krijen mei it 400ste bertejier fan Saskia Uylenburgh. By de byienkomst wiene ek ferskate namgenoates fan Saskia Uylenburgh oanwêzich. Saskia Uylenburgh is berne yn Ljouwert. Har heit Rombertus Uylenburgh wie hjir boargemaster.

Fandêr dat boargemaster Ferd Crone de biografy dy't er krijt wer oan syn dochter jout. Saskia wie de grutte leafde en muze fan Rembrandt. Mar neffens Ben Broos hat de Friezinne noch folle belangriker west as oant no ta tocht waard. Yn it histoarysk sintrum Ljouwert is in tentoanstelling oer Saskia en Rembrandt, mei ek wurken fan Rembrandt. De fiering fan sneon wie it klapstik fan it betinkingsjier. Yn 'e Grutte tsjerke is Saskia ek doopt. Mei in foarstelling wurdt har libben neispile en der binne in soad nammegenoaten by.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)