'Plysje ferstie Boazumer net'

© Jaring Rispens
De FNP-fraksje yn provinsjale steaten hat grutte soargen oer it feit dat guon minsken op de plysjemeldkeamer gjin Frysk fersteane. De meldkeamer hie tongersdeitejûn grutte muoite om de melding fan de asbestbrân yn Boazum ôf te hanneljen, omdat de melder Frysk prate.
It is neffens de FNP yn striid mei de wet dy't stelt dat Fryske boargers yn it Frysk mei de oerheid kommunisearje kinne moatte. Neffens de FNP ha deputearre steaten yn maart fan dit jier al tasein dat der in twatalich belsintrum komme soe. De FNP wol witte hoe't it dêrmei stiet.