Gerrie Dantuma út striid TVOH

13 okt 2012 - 08:46

Sjongeres Gerrie Dantuma fan Stiens is freedtejûn útskeakele yn The Voice of Holland. Yn de earste ronde draaiden alle fjouwer coaches har om foar de stim fan Gerrie, mar yn de earste ien-op-ien ronde fan freedtejûn gie it mis.

Se moast it opnimme tsjin Leona Philippo, dy't ek alle coaches omdraaie liet yn de blind auditions. Beide sjongeressen songen geweldich, mar coach Trijntje Oosterhuis moast kieze en liet úteinlik Leona trochgean nei de folgjende ronde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)