Boazumers sneon werom yn huzen

De ynwenners fan Boazum, dy't tongersdeitejûn har huzen útmoasten, kinne sneon allegear wer nei hûs. Tongersdeitejûn kaam by de brân yn in loads mei auto's asbest frij. Freedtemoarn is fuortendaliks begûn mei it oprêden fan it asbest en is ûndersocht oft der ek asbest yn de huzen kommen wie. Fan 'e moarn is dúdlik wurden dat dat net it gefal is. De minsken kinne sadwaande wer werom nei hús.
De minsken dy't it tichtstby de útbaarnde loads wenje, meie earst noch net op it hiem omrinne, omdat dêr noch net alle asbest oprêden is.