Sneon dúdlikens foar Boazum

12 okt 2012 - 21:43

Bewenners fan it ûntromme gebiet yn Boazum hearre sneontemoarn oft se werom meie nei har hûs of dat se noch langer op in oar adres bliuwe moatte. Hast 30 huzen waarden freedtemoarn ûntromme nei in brân yn in loads, dêr't asbest by frijkaam. Sneontemoarn is bekend oft it asbest ek yn 'e huzen leit, ôfhinklik dêrfan kin útmakke wurde oft de bewenners al of net werom meie.

Freedtejûn waard yn Boazum in ynformaasjebyienkomst hâlden, dêr't sa'n 50 bewenners op ôfkamen. Sy krigen de gelegenheid om fragen te stellen. Tiisdei is der wer sa'n jûn.

De fragen fan de bewenners gongen bygelyks oer har húsdieren. De hinnen en de kninen kinne bygelyks net fuorre wurde, omdat de bewenners yn ferbân mei it asbest net yn de tún komme meie. Fral as de útslach sneontemoarn negatyf útpakt, kin dat in probleem wurde. In wurdfierder fan it ûndersyksburo Search sei dat by need ien fan de minsken yn beskerme klean nei de hinnen tagiet om se fretten te jaan.

Oaren fregen har ôf hokker parten fan de huzen ûndersocht wurde op asbest en oft dat wol in goed byld jout. Neffens Search is de ûndersyksapparatuer hiel gefoelich en kinne ek in pear hiele lytse fezeltsjes asbest al oantoand wurde. Dêrom hoecht net yn it hiele hûs metten te wurden.

De measte bewenners wiene tefreden oer de ynformaasje dy't jûn waard. Sawol de gemeente as it ûndersyksburo ferwachtsje eins dat de bewenners sneon weromkinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)