Eigeners âlde leppels socht

12 okt 2012 - 18:06
  • De sulveren leppels dy't fûn binne

De plysje besiket derachter te kommen fan wa't twa sulveren leppels binne, dy't fûn binne yn in hûs oan de Zuiderstrjitte yn Harns. Yn it hûs waard yn de nacht fan 29 op 30 augustus ynbrutsen, wêrnei't de bewenners de leppels fûnen. It giet om leppels mei ynskripsjes. De iene meldt ûnder oare 'Delfstrahuizen 1924', de tekst op de oare seit 'Wij willen ons zelf zijn en blijven'. Minsken dy't mear witte oer de leppels wurdt frege kontakt op te nimmen mei de plysje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)