Nij justisjeel ynkassoburo

12 okt 2012 - 15:16

Yn Ljouwert it freedtemiddei it nije ûnderkommen fan it Centraal Justitieel Incasso Bureau iepene. It gebou mei de namme Wester State sit oan de Tesselschadestrjitte. De iepening waard dien troch de Direkteur-Generaal Jeugd en Sanctietoepassing fan it ministearje fan Feiligens en Justysje. Dêrnei wie der muzyk en dûns yn de sintrale hal fan it gebou. Dat bestiet út fjouwer ferdjippingen en jout plak oan 400 minsken. It CJIB hat it kantoar bouwe litten wylst letter bekend waard dat in soad minsken dien krije.

Yntusken binne der wol wer in tal rykstaken bykaam en wurdt mooglik in part fan it gebou yn gebrûk naam troch de belestingtsjinst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)