It Fean besuniget miljoenen

Gemeente It Hearrenfean
De gemeente Hearrenfean besuniget takom jier 3,6 miljoen euro. Dat moat omdat der minder jild fan it Ryk komt, mear minsken in bystânsútkearing oanfreegje en benammen ek omdat de gemeente in soad bougrûn yn besit hat dy't mar net ferkocht wurdt. Om it bedrach fan 3,6 miljoen euro te heljen gean ûnder oare in tal belestingen en de kosten fan fergunningen omheech. Ek moat mear foar it parkearen betelle wurde.
Dat is net allinne yn 2013 it gefal, mar ek yn de trije jier dernei moatte der yn Hearrenfean miljoenen besunige wurde.