Jild foar Frysk erfgoed

12 okt 2012 - 15:01
  • Grutte tsjerke

De Rykstsjinst foar it Kultureel Erfgoed stelt goed 365.000 euro beskikber foar it behâld fan it kultureel erfgoed yn Fryslân, Grinslân en Drinte. De RCE makke dat freed bekend by in sympoasium organisearre troch de Keninklike Nederlandsche Heidemaatschappij yn Drachten. Omdat de provinsjes sels der noch 155.000 euro by lizze, komt yn totaal mear as 5 euroton frij.

Der komme hieltyd mear tsjerken, boerepleatsen en oare gebouwen dy't as kultureel erfgoed jilde, leech te stean yn Fryslân en de rest fan Noard-Nederlân.

Der binne in soad gadingmakkers foar dy meastentiids histoaryske gebouwen. Mar mei troch in strikte regeljouwing en de kosten komme fraach en oanbod mar dreech byinoar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)