FNP: literêre prizen hâlde

Bibleteekboeken © ANP XTRA
De provinsjale prizen foar literêre debuten en oersettingen yn it Frysk moatte bestean bliuwe. Dat wol de steatefraksje fan de FNP. De partij fynt de arguminten om de Fedde Schurerpriis en de Obe Postmapriis te skrassen net sterk. Deputearre De Vries skaft de prizen ôf omdat se skrasse wol yn it grutte tal regelingen dat der is foar it Frysk. Se wol ek ôf fan de problemen sa't dy der yn it ferline west ha oer de sjuery's fan de provinsjale prizen. De FNP fynt soks foaral in ynterne saak fan it provinsjehûs.
Dat mei net te'n koste gean fan de wearde en funksje fan de literêre prizen, seit de FNP-steatefraksje.